Nije Kriich - Bedankt!

24 augustus 2023

Justermiddei oerlange Harmonie Weidum it bestjoer fan keatsferiening Nije Kriich in bedankje:
 
“Bêste keatsleafhawwers, boppestebêste bestjoersleden fan keatsferiening Nije Kriich,
Op de Bangmapartij nûge muzykferiening Harmonie Weidum jimme hjir noch út foar it
jubileumkonsert ta eare fan 125 jier Harmonie Weidum begjin juny.
Wat jim as publyk doe net witte koene, wie dat de fraach om op dit fantastyske keatsfjild in unyk muzykspektakel te organisearjen hiel entûsjast ûntfongen waard troch it bestjoer fan keatsferiening Nije Kriich.
De dagen rûn 10 juny waarden frijhâlden yn de keatsaginda, de kaai waard oerlange en echt neat wie tefolle.
Mei grut en swier ark waarden tribune, poadium en alle technyk opboud. Terreinmaster Nico hâlde de kondysje fan de gersmatte yn it each, Loeske brocht in protte ranje en lekkers en sa kaam it dat der dy sneontejûn 500 man sieten te genietsjen fan ús jûn fan it jier.
Wy wiene en binne as bestjoer en jubileumkommisje sa tankber foar dizze iepen hâlding, dat wy de Nije Kriich hjoed in bliuwend oantinken jaan wolle oan it manjefike muzykstadion dat wy mei tank oan harren ynstek op dit keatsfjild bouwe koene.”
 
Dronefoto: PDF-Grafie
Drukwurk: Studio Smids
Foto’s: PDF-Grafie

« terug

 

 


© Muziekvereniging Harmonie Weidum e.o. | Privacy verklaring