Tryater - Bedankt!

17 oktober 2023

YNBLAZE
Wat hat ús fanfare in aldermachtichst moai wykein hân; alle leden en bestjoersleden hiel erch betanke foar de ynset, ús stjoer diriaginte Ria Fennema yn it bysûnder - waar zouden we zijn zonder jou!
 
In bysûnder wurd fan tank oan Tryater dy’t dit unike projekt sa moai, belutsen en weardich opset hat. Moaier, en tichterby koe einlings net!
Brecht, Tamara, Guido en it fierdere team namen de toutsjes yn hannen en stjoerden ús nei in pracht rige fan 3 folslein útferkochte foarstellings; tanke-tankewol!
Ynblaze is diel 1 út de Fanfare-rige fan Tryater en wurdt op noch 5 plakken spile, sjoch hjir alle lokaasjes.
 
Foto’s: PDF-Grafie

« terug

 

 


© Muziekvereniging Harmonie Weidum e.o. | Privacy verklaring