Grutte Harmonie-reüny | Ynformaasje

25 oktober 2023

Wy treffe jimme op 4 novimber tidens De grutte Harmonie-Reüny om ús 125-jierrich jubileum te fieren!
Hjirûnder eefkes twa oandachtspuntsjes:

- Yn in foarich berjocht hawwe wy de lokaasje net neamd; wy ferwachtsje jimme 4 novimber yn it Weidumer doarpshûs.
Ferjitte jimme net foar 28 oktober de eigen bydrage oer te meitsjen?

Wat kinne jim ferwachtsje? 
Om 14.30 oere hite wy jim fan herte wolkom mei in kopke kofje en wat lekkers derby.
Nei de kofje, de iepeningsact fersoarge troch ús jongste jeugdleden en it wolkomspraatsje sille wy in bysûndere eigenmakke film toane mei bylden fan hoe ús feriening eartiids wie en hoe't wy der tsjintwurdich útsjogge.
Fansels kinne jim genietsje fan lekker iten en drinken, en herinnerings ophelje mei âld-leden. Nei it jûnsmiel sille wy om 20.00 in pracht konsert jaan mei de hiele feriening.
Nei ôfrin fan it konsert is der gelegenheid foar in noflike neisit. Wy hoopje dat it in bjusterbaarlike en ûnferjitlike reünydei  wurde mei. De eigen bydrage foar de reunie is 25,- euro de persoan. 

Yn it koart:
14:30-15:00 Untfangst
15:00 Iepening 
15:30 Optreden leden fan beide jeugdorkesten
16.00 Film sjen en tiid foar mekoar ûnder it genot fan in drankje.
18:30 Stamppotbuffet.
19:15 Eefkes uitbuike
20:00-21:15 Konsert Harmonie Weidum e.o. 
 

De grutte Harmonie-Reüny | De kosten
Oan De grutte Harmonie-Reüny binne fanselssprekkend kosten ferbûn.
De eigen bydrage foar de reüny is €25,- de persoan (eksklusyf drankjes). Dit bedrach moat foarôf betelle wurde troch in oerskriuwing te dwaan nei:
Op namme fan: Harmonie Weidum
Rekkennûmer: NL82 RABO 03308530 66
U.f.f.: Bydrage reüny
of via: https://betaalverzoek.rabobank.nl/betaalverzoek/?id=XJqggVLBTfmPhgjziour8A

 

Wy treffe jimme op 4 novimber foar in dei fol ferbining en nocht! 
Oant dan!

De grutte Harmonie-Reüny-kommisje, 
Wietske, Patrick, Jeltsje, Klaes, Janneke, Wietse & Johanna. 

« terug

 

 


© Muziekvereniging Harmonie Weidum e.o. | Privacy verklaring