even stil...

5 november 2023

even stil...
No ja.., dat wie it juster tusken trijen en tolven séker net yn it Weidumer doarpshûs…
Muzykferiening Harmonie Weidum e.o. fierde nammentlik harren reüny ta eare fan 125 jier muzyk.
Fiere yndie, want wat in feest wie it! Rom 150 man sterk mei blau bloed, wat in opkomst! Dat die ús hiel goed. Elkenien hiel bot betanke foar de oanwêzigens!
No hjoed, sa nei it opromjen – binne wy wol even stil… Wat wer in magyske dei wie it juster!
 
“Mei in jeugdôfdieling fan sa’n lytse 30 jeugdleden en 45 volwassenen totaal yn ús beide A-orkesten stiet muzykferiening Harmonie Weidum yn 2023 as in hûs.
De dei wie mar amper begûn, doch betanken kommisje en bestjoer de reünisten fuort foar harren oanwêzigens. Wêr soene wy wêze sûnder harren?
En, wêr soene wy wêze sûnder belutsen doarp, sûnder ús kommisjeleden, sûnder ús lieding en sûnder begeistere bestjoersleden sa as dy al jierrenlang ús feriening op de kaart set hawwe.
Doe’t wy lêst ris seine dat Harmonie Weidum in hiele moaie doarpsferiening is, krigen we it deksel op de noas want ‘Wat jullie doen, dat gebeurt nergens anders!’.
En sa is dat.
Mei jimme, mei de Weidumers, binne wy in unike feriening binnen HaFaBra-lânskip en nimme wy in plak yn dat eins gjin oar ús neidwaan kin.
Dêrom sette wy as bestjoer no in stip op de hoarizon, foar pak ‘m beet 2035. Wêr binne wy yn 2035, wat ha wy dêr foar noadich en hoe kinne wy dat drage. In bysûndere reis, mar as der ien klear is foar sokke stappen, dan binne wy it wol – dêr binne wy fan oertsjûge.
We sjogge mei opset eefkes net werom. Dêr hiene wy nammentlik de hiele dei de tiid noch foar. Jeltsje, Klaes, Wybo, Jacob en Patrick binne drok dwaande west mei it by elkoar sykjen fan skitterjend materiaal en hawwe prachtige bylden makke fan belutsenen. De film wie de grutte ferrassing fan de dei, in feest fan herkenning.
Leaver dreamden wy noch eefkes fierder.
Oer de takomst. Oer útwikselings krekt lykas yn de jierren santich, oer wrâld muzykkonkoersen, oer in eigen muzykskoalle hjir yn de Greidhoeke, oer de groei dy’t ús feriening makket en oer nije bysûndere projekten fan malletband en fanfare de kommende jierren.
Mar 1 ding.
Litte wy ek dán net ferjitte dat we dy takomst inkeld temjitte gean kinne mei elkoar. Mei beide fuotten yn de klaai en de holle yn de wolken. Mei de hannen út de mouwen en in laits op it gesicht of mei soms miskien in triuwke yn in rêch. En it leafst mei in protte persoanlike, artistike en muzikale hichtepunten.
Mar ivich en altyd skouder oan skouder.”
 
In GRUT wurd fan tank oan:
Alle frijwilligers, doarpshûs Weidum, Johannes & Ria, Jacob en Wybo, Tjerk en de reünykommisje Wietske, Jeltsje, Klaes, Ria, Johannes, Wietse, Patrick, Johanna & Janneke.
 
Foto’s: PDF-Grafie 
(Mear foto’s folgje letter)
 

« terug

 

 


© Muziekvereniging Harmonie Weidum e.o. | Privacy verklaring