Harmonie Weidum siket Maten

11 april 2019

Yn Weidum siket muzykferiening Harmonie Weidum e.o. om maten. En nee, gjin slochtweihinne fjouwerkwartsmaten, mar in groep freonen mei hert foar muzyk. In nagelnije donateursaksje moat der foar soargje dat de muzykferiening út it terpdoarpke in part fan it finansjele gat, ûntstien nei de gemeentlike weryndieling, struktureel opfolje kin.

Febrewaris 1898 Njoggen Weidumers fine, it moat mar wêze. Ferskate doarpen yn 'e omkriten hawwe al in muzykkorps, Weidum moat ek in fanfare ha. Der giet in list by de doarren lâns en dan; ,,Heeft men alreeds over den som van ƒ95,- te beschikken. Algemeen was men van oordeel dat de financiële bezwaren genoegzaam waren uit den weg geruimd zodat tot oprichting werd besloten", sa stie it mei moaie krulletters yn it earste út in rige fan in lytse tweintich notulenskriften. It earste bestjoer wurdt keazen; de hearen P.Boonstra, S.Radelaar, J.Vos en TH.Boersma. Dat wie it begjin.

Topper
Harren dielname oan it OMF (Organisatie van Muziekverenigingen Fryslân) projekt ‘Van Krimp naar Groei’ is foar de feriening in kâns om yn kontakt te kommen mei in protte oare ferienings en professionals. Yn it kader fan dit projekt is de Weidumer feriening yndielt by de Toppers. It is no 2019 en Harmonie Weidum bestiet hjoed-de-dei út in malletband en in fanfare en libbet as in hert.

Mei de gemeentlike weryndieling binne der ferskate saken feroare. Sa ek foar de muzykferiening: ,,De jierlikse gemeentlike subsydzje fan gemeente Littenseradiel kaam te ferfallen en it doarpsbudzjet fan gemeente Ljouwert waard ynfierd. Dit doarpsbudzjet is in moaie stimulâns om it doarpslibben yn de breedste sin te stypjen, eat wat wy as feriening bot wurdearje kinne. Tagelikertiid hâldt dit foar ús as muzykferiening yn dat der binnen no en twa jier in flink gat yn ús begrutting ûntstiet,” ljochtet foarsittter Janneke de Boer ta.

Maat fan `e Muzyk
Njonken dielname oan it projekt ‘Van Krimp naar Groei’ wurket de feriening op ferskate mêden oan har takomst. Kommisjes wurde oprjochte, plannen makke en it bysûndere temakonsert Oare Fyzje SjongFestival is kommendeweis. Dernjonken ropt de feriening, om har ambysjes wier meitsje te kinnen, mateploech Maat fan `e Muzyk yn it libben: In freoneploech mei hert foar de muzyk.

“Minsken kinne in maat-skip mei ús oangean troch jild yn de pot te dwaan en op dy wize Maat fan `e Muzyk wurde. It maat-skip smyt ús maten ek foardiel op; koarting op tagongskaarten, in lyts aardichheidsje en sy meitsje mei mar leafst 20% koarting gebrûk fan ús spesjale ferrassings-aubade-tsjinst. Us spesjale ferrassings-aubade-tsjinst spilet by jubilea, Sara’s & Abrahammen, brulloften en oare unike barrens. Fansels op foarwearde dat ús muzikanten ynsetber binne. Oanfragen wurde mei de grutste diskreesje behannele,” grapket De Boer der efteroan en heakket der grutsk oan ta: ,,Wy binne oe sa tankber foar de stipe út de mienskip om ús hinne. De muzykferiening hat in trouwe efterban, dêr binne wy tige wiis mei!”

Maat wurde? 
Leverje it opjeftekaartsje yn op Sânpaed 34 (Weidum) óf by it Oare Fyzje SjongFestival en profitearje fuortdaliks fan de foardielen. Maile mei fansels ek, stjoer jo berjocht dan nei info@harmonieweidum.nl (ek dan profitearje jo drekst fan de foardielen!). Nei oanmelding ûntfange jo berjocht oer it fierdere ferrin, de betelmooglikheden ensafuorthinne.

« terug

 

 


© Muziekvereniging Harmonie Weidum e.o. | Privacy verklaring