Utblaasd

31 maart 2021

Utblaasd, de toanielbewurking fan ‘Brassed Off’ spile troch it Jorwerter Iepenloftspul stiet in protte taskôgers noch goed by. It wurd útblaasd is ek wêr’t ik oan tink at de Rûnkranterredaksje de fraach steld ‘Hawwe jim de hope ek rjochte op: De belofte fan de lege seal?’
Utblaasd is negatyf, mar sa fielt it no yn de maitiid fan 2021 sa stadichoan wol in bytsje foar my as foarsitter fan Harmonie Weidum; gjin doarpshûs, gjin tredde helte, sawat gjin sosjaal libben. En krekt lykas de brassband yn Utblaasd hiene wy in manjefike finale yn ‘e holle. In klapper nei it koroanajier. Mar we binne útblaasd; de feriening stiet op dit stuit on hold. Gjin koalegrús diz’ kear, mar koroana.

De hashtag #wijblijvenbezig brûkten wy fan’t winter gauris om sjen te litten dat wy ,en mei ús de oare Nederlânske muzykferienings, de moedfearren net hingje lieten. Want nettsjinsteande de beheinings bleaunen wy as muzykferiening dwaande en hâlden wy de wyn derûnder; film- en kwisjûnen, online Bingo, de Krysttnachtstream mei dûmny Wagenaar, online muzykles foar de jeugd en de leafdefolle Falentynsaubades! Alles nij, alles oars, mar perfoarst net minder dan gewoanwei. Dochs leit, wannear’t dizze Rûnkranter by jimme yn de brievebus ploft, ús feriening al sa’n trije en in heale moanne plat; noch eefkes folhâlde. Hoelang duorret ‘eefkes’ eins..?

De belofte fan in lege seal betsjut foar ús foarútsjen. Foarútsjen en hjir en dêr ôfskied nimme fan plannen. Foarútsjen nei de dag dat het weer mag, it jubileumfeest fan de malletband, it 125-jierrich (!) bestean fan de folsleine feriening, mar benammen nei it mei elkoar wille meitsjen. Yn goede en yn mindere tiden. Foarútsjen nei konserten yn it Weidumer doarpshûs, ús eigen Royal Albert Hall. Foarútsjen nei feesten op it hillige gers fan keatsferiening Nije Kriich. Foarútsjen nei smûke Weidumer jûnen: Dy blaze wy hiel graach nij libben yn!

Ut namme fan alle leden en learlingen fan Harmonie Weidum e.o.,
Patrick, Sepkje, Albert, Pytrik, Jildou, Johanna & Janneke.

(foar de Rûnkranter, maitiid 2021)

« terug

 

 


© Muziekvereniging Harmonie Weidum e.o. | Privacy verklaring