GOUDEN SPIKER 2025
11 mei 2025
BRÛNS
Juster reizge ús fanfare mei oanhing ôf nei Oerterp, nei it 28ste Gouden Spiker Festival en dat smiet harren in tredde priis op it totaalprogramma op!
Hulde! Grutsk! De kompliminten foar ús ferskate solisten, mar yn it bysûnder foar Jeltsje mei har euphoniumsolo Celtic Dream. Tank oan ús SE’ers Albert en Jorick op slachwurk, en tank ek oan Duncan op tromboane as stand-in foar in fakânsjefierende Haayo. Tank oan Fedde en Doutsen dy’t nei jierren it blauwe suit juster oan de wilgen hongen mar gelokkich wol muzykmeitsjen bliuwe; we sjogge jimme graach wer!
Hiel folle tank oan Marianne Groothof as perfekte ynfaldiriginte en hartjes foar diriginte Ria Fennema, back on track frou.
« terug