Al - net - al - net… it wie juster wat gûgeljen mei de wolbekende buienradars. Már Albert en Patrick seagen it wol sitten en mei in bus fol dekkleden achter de hân waard alle ynstrumintaria nei Nij Dekama brocht. Dêr spilen wy foar de bewenners fan Nij Dekama, Weidumers, mar ek in protte famyljeleden, mei sawat de komplete klup. De slachwurkkanjers krigen harren diploma’s, mar ek leafst 4 jubilarissen waarden yn it sintsje set:
HYPERDEPYP!
(op de foto fan lofts nei rjochts)
Johan de Boer 50 jier muzikant
Stefanie Hoedemaker 25 jier muzikant
Gerbrich Elgersma 25 jier muzikant
Jildou Lageveen 25 jier muzikant
HULDE, en noch hiel folle muzikale jierren derby winske, wy binne wiis mei jimme!
Elk tige tank, we treffe jimme ein augustus wer - op it meast smûke keatsfjild fan Fryslân.