13 juny feroaret it keatsfjild yn Weidum yn ús eigen Fryske Vrijthof: sfearfol, grutsk en hielendal fan ús. En net fan ús allinnich! Yn gearwurking mei ûnder oare fersoargingshûs Nij Dekama en de basisskoallen yn ús omjouwing meitsje wy der mei ús allen in échte belibbing fan.
Mei tank oan ûnder oare it Rabobank Coöperatiefonds, Provinsje Fryslân, Gemeente Ljouwert, Lammert Koopmans Stichting, Feriening Greidhoeke Fûns, Het Nieuwe Stadsweeshuis, Ritske Boelema Gasthuis, P.W.Janssens Friesche Stichting, Fonds Bolsward-Dronrijp 1993, Stichting Siebolt Foundation, VSB Fonds én Doarpsbelang It Nut bouwe wy oan dit spektakel; bestel no dyn kaarten!
Skoar hjir dyn iere dreamer tickets mei koarting https://www.ticketkantoor.nl/shop/MSD26
Mis it net.
Dit is ús Midsimmerdream!
13 juny 2026 20:15 (terrein iepen 19:30)
Harmonie Weidum & Gasten
Keatsfjild Weidum