Opnames trailer bernefoarstelling

21 augustus 2016

We nimme dizze wike de trailer op foar ús aldernijste bernefoarstelling Rôversguod! 
Mei muzyk fan ús diriagint Ria Fennema, ûnder rezjy fan Tjerk Kooistra en mei help fan Wybo Smids sil spiler Jan Tiede Bouma in lyts boekje iependwaan oangeande de bernefoarstelling. Wy wurkje yn dizze foarstelling foar it earst mei poppen, unike en oansprekkende eksimplaren makke troch Hessie Rozenberg-Douma fan Easterwierrum. 

De earste rige bernefoarstellings stiet op de aginda yn de earste wike fan jannewaris 2017. De foarstelling is te boeken, foar mear ynformaasje ferwize wy jo nei ús kontaktpagina.

Rôversguod wurdt útjûn troch Uitgeverij Louise.

Jacobus Quiryn Smink oer Rôversguod: 'In ferhaal dat útpakt as in mearke'

« terug

 

 


© Muziekvereniging Harmonie Weidum e.o. | Privacy verklaring